Libbe
Marga Claus
€24,50
Details
Gryte bewûnderet de fysike en mentale sûnens fan har heit, de opwekte en dissiplinearre njoggentich-plusser Libbe Jongstra: hy sport, hat in breed sosjaal netwurk, is aktyf dwaande mei sinjouwing en hat de toutsjes sels yn hannen. De geuzenamme Kracht, dy’t er as skoaljonge fan syn maten krige, wie grif in foarteken.
It moat wenne dat se net mear yn itselde doarp wenje, foaral as op in winterske dei de telefoan giet en de buorfrou fan Libbe meldt dat hy de foardoar net iependocht…
Hy is de fitale fariant fan de romanpersonaazje Hendrik Groen, bliid yn syn persoanlike ‘blue zone’, dêr ’t minsken langer, sûner en lokkiger libje. Dêr’t in bûtengewoan heech persintaazje hûndert jier wurdt en it leechste persintaazje oan stjergefallen op middelbere leeftiid foarkomt. ‘Libbe Blau’ soest him neame kinne. Ik naam de bestseller fan Groen foar Libbe mei, mar alle kearen as ik by him kaam lei it boek noch op deselde hoeke fan de tafel. (…)
In ferhaal oer manieren fan âld-wurden, oer fergonklikens en loslitten, en oer de bysûndere bân tusken in heit en in dochter.
Download hjir fergees de sportoefeningen fan Libbe!
Marie: “In wichtich tema yn it boek is it âld wurden en hoe’t Libbe dat oanpakt. Hy hat bygelyks in hiel skema foar de oefeningen dy’t er alle dagen docht om yn kondysje te bliuwen! Ek komt it posityf wêzen en bliuwen nei foaren. Libbe hat in Bibel en twa boeken fan Toon Hermans dêr’t er elke dei út lêst en dy’t him helpe om ‘de ellinde út it nijs en de kranten te fertarren’. Moai om te lêzen hoe’t soks ien helpe kin en ik tink dat dat in ynspiraasje wêze kin foar in protte âlderen. Ik fûn it boek moai om te lêzen en fûn it tige jammer dat ik it út hie. It lêst hiel noflik en ik koe my goed ynlibje yn it ferhaal en de persoanen.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Marie.
De resinsje fan Jelle van der Meulen is hjir te lêzen: https://www.frieseliteratuur.nl/marga-claus/