Kategoryen

No products in the cart.

Lang haw 'k net nei skoalle west

Rients Aise Faber

19,50

Details

Teksten en fersen fan Jouwert Jouwertsma (1857-1889), besoarge en ynlaat troch Rients Aise Faber.

Yn dit boek stiet Jouwertsma syn wurk as skriuwer en dichter sintraal. Syn ‘gewoane’ libben wurdt û.m. beskreaun yn it boek Stimmen út in doarpsferline.

Troch histoarysk tafal binne syn hânskriften bewarre bleaun en hûndert jier letter pas wer foar it ljocht kommen. Dat wurk foarme in rike oanfolling op syn publisearre Fryske wurk lykas de Soldate-brieven en syn bydragen oan de dichtbondel It jonge Fryslân.

Jouwertsma hearde ta de Fryske ‘folksskriuwers’. Hy is in moai foarbyld fan hoe’t it Frysk ta libben kaam by it gewoane doarpsfolk yn ‘e 19de iuw. Tagelyk mei dy opkomst fan it Frysk wie der in soad strideraasje oer it leauwe yn guon doarpen, ek yn Jouwertsma syn berteplak Skearnegoutum. Mei in belutsen hert en in kritysk each folge hy dy striid en oare ûntjouwingen yn syn tiid.

 

Author : Rients Aise Faber ISBN : 9789074516433 New label : 1 Pages : 208 Language : Frysk Publisher : Hispel Format : paperback Kategory: , , , .