It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Jungleboek (5 boekjes)

Praat mar Toaniel!

25,00

Details

Rudyard Kipling (1865-1936) wie in skriuwer út Ingelân. Hy wie geboaren yn de Britse koloanje India. Hy wie in grutte fan fan de natuer en fan de bisten dêryn. Hy skreau der ferhalen oer. Dy stienen yn syn The Jungle Book (út 1894) en letter ek yn ‘The Second Jungle Book’ (1895). Yn in protte ferhalen út dy beide boeken is de belangrykste rol foar Mowgli, it wolvebern. Dy belibbet yn de jungle mei bisten as Akela en Raksha (beide wolven), mei Bagheera (de swarte panter) en Baloe (de bear) in protte aventoeren. Syn grutte fijân is ShereKhan, de tiger, dy’t it op syn libben fersjoen hat.

In rige fan 6 toaniellêsboekjes foar de groepen 7 en 8 fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dyn gefoelens en gedachten bringst yn dyn eigen taal it bêste ta útdrukking. By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen, te praten en mooglik ek te skriuwen.

Kombinaasjetip: By it tal fan de tolve útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige Projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy Projekten yn de Fryske metoade ‘Spoar 8’.

Yn de metoade Searje 36, foar it fuortset ûnderwiis, stiet it projekt Praat mar Toaniel klear, dêr’t ek guon fan dizze boekjes by brûkt wurde kinne.

Sjoch de metoade foar mear ynformaasje.