Jierdeikalinder mei ferskes en gedichtsjes fan Geartsje Douma
Geartsje Douma
€9,95
Op voorraad
Details
Geartsje Douma skriuwt al 25 jier Fryske ferskes, gedichtsjes en ferhaaltsjes! Yn dizze kalinder in seleksje fan har wurk, passend by de tiid fan it jier.
Op de kalinder binne by alle gedichtsjes en (opsis-)ferskes prachtige yllustraasjes te sjen. Se binne makke troch Linda de Haan, Mirjam van Houten, Luuk Klazenga, Marijke Klompmaker, Karin Carolina Poiesz en Froukje Reitsma. Fia in QR-koade binne de ferskes te belústerjen en der wurde by alle moannen bypassende lês-, sjong-, doch- of praattips jûn. In fleurige kalinder, om it hiele jier troch fan te genietsjen; op ’e pjutte-opfang, op skoalle of thús!
Spesjaal geskikt foar bern fan 1 o/m 6 jier.
————
Jierdei
Slingers, toeters: tút tút tút!
In hiele protte pakjes,
en lekkere gebakjes.
Ik blaas alle kearskes út: FFFFFFF!
Sietske: “Wat in feestlike jierdeikalinder! In soad kleuren mei foar bern herkenbere platen. Elke moanne hat in eigen tekening mei in ferske of gedicht, passend by de moanne. In sniepop yn de winter, in pykje yn de maaitiid, swimme yn de see yn de simmer en rein yn de hjerst. Ek kinst by inkele moannen in QR-koade scanne en dan kinst it ferske ek belústerje.” Besjoch hjir de folsleine resinsje fan Sietske.