It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Jesse

Mindert Wijnstra

14,99

Details

Joshua moat ferhúzje. Hy komt fan Ljouwert en giet mei syn mem by pake wenjen, op de pleats oan ‘e seedyk.

Wêrom moast er sa hals-oer-de-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua/Jesse hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin hy fertrouwe? Lieke miskien? In famke dat ek oan de seedyk wennet. En dêr’t er ferlyfd op wurdt.


Grietje: “It boek is sa skreaun dat je nei elk haadstik fierder lêze wolle wat der no barre sil. We fûnen it spitich dat it boek út wie en hoopje op in ferfolch. Want wy binne hiel nijsgjirrich hoe’t it fierder gean sil mei Jesse.” Lês hjir de hiele boekresinsje fan Grietje.

Tryntsje: “It boek is hiel spannend skreaun, alle kearen as ik it fuort lizze moat, wol de klasse hiel graach witte hoe’t it fierder giet. It tema en de skriuwwize binne hiel oansprekkend. Ek it feit dat it him ôfspilet yn de omjouwing fan de bern makket dat der fol oandacht lústere wurdt. Al mei al in prachtich boek foar bern út groep 7/8!” Lês hjir de folsleine resinsje fan Tryntsje.

Author : Mindert Wijnstra ISBN : 9789493159396 New label : 1 Pages : 117 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : paperback Kategory: , , , .