Kategoryen

No products in the cart.

It Swurd út de stien (5 boekjes)

Praat mar Toaniel!

25,00

In stock

Details

It ferhaal giet oer Wart. Hy libbet yn Ingelân yn de sande iuw. Hy groeit op by syn omke en tante en wol graach ridder wurde. Mar ja, hy is mar in skyldknaap foar Kai, dy’t echt ridder wurde sil. Mar alles feroaret as sy mei elkoar op in echt toernoai yn Londen binne en dêr it riedseleftige swurd yn de stien sjogge.
It ferhaal is basearre op ien fan de leginden oer Kening Arthur.

In rige fan 12 toaniellêsboekjes foar de groepen 5 oant 8 fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dyn gefoelens en gedachten bringst yn dyn eigen taal it bêste ta útdrukking. By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen, te praten en mooglik ek te skriuwen.

Kombinaasjetip: By fjouwer fan de útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige Projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy Projekten yn de Fryske metoade ‘Spoar 8’.