It portret - Audioboek
Wilco Berga
€15,00
Details
Lústerboek
In skilder siket in oare omjouwing om te wurkjen, it leafst sa ticht mooglik by see. Yn it havenstedsje fynt er lykwols mear as allinne wurkromte en nije ynspraasje, en giet ta op in domdryste leafdesrelaasje.
In frou wurdt dea fûn op it Waad, ticht by de seedyk. Eefkes letter stiet de skilder yn it mortuarium om har te identifisearjen: Wêrom yn godsnamme? Nee, no net tinke, mar de eagen de kost jaan. Hy soe har oanreitsje wolle, waarm wriuwe. Wa sei him dat se net skyndea wie? Se hie de eagen dan wol ticht, mar striele krêft út, en grutskens. Sels no’t se der as in fersûpte kat by lei op har wytplestik bêd, as wie it in feestje – jawis wie ‘t feest! – inkeld wat út ‘e hân rûn. Just hjir, yn dizze kâlde, fijannige romte, wie har gesicht fan in grutte skientme.
Foarlêzen troch Douwe de Bildt.
cd 1: haadst. 1-5
cd 2: haadst. 6-10
cd 3: haadst. 11-14
cd 4: haadst. 15-18
It sit sa - ferhalen
Fan libben en dea
Beafeart nei Saint-Martin - Rink van der Velde
De Skimmelrútter - Bildts
En dêr marsjearje ik hinne
Kai-Mook it skattige oaljefantsje
A5 kaart: Heit
Lytse Ezel - Jarich syn jierdei
Kaart: Ha Goeie!
Kaart: Dikke tút!
Kaart: De tiid hâldt gjin skoft (Friese spreuktegel)
Flessewipper Bierke?