Kategoryen

No products in the cart.

It parfum - De skiednis fan in moardner

Patrick Süskind

15,00

Details

‘Se hie read hier en droech in grize mouleaze jurk. Har earms wiene hiel blank en har hannen giel fan de iepensniene mirabellen. Grenouille stie oer har hinne bûgd en sûgde har rook no yn, ûnfermongen, sa’t dy út har nekke kaam, út har hier, út ’e iepening yn har jurk, en liet dy by him binnenstreame as in mylde wyn. Noait hie er him sa goed field. It famke lykwols fernaam kjeld.’

Yn it Frankryk fan de achttjinde iuw stjonkt it. Slim. Mids alle roken, goed en kwea, ûntjout de jonge Jean-Baptiste Grenouille him mei syn boppeminsklik goede noas ta in geniaal parfumeur. Mar sa skerp as syn noas is, sa stomp is syn gewisse. Yn syn syktocht nei it ultime parfum is mearfâldige moard foar Grenouille oars net as in needsaaklik kwea.

Mei It parfum – De skiednis fan in moardner skreau Patrick Süskind (1949) in magistrale thriller. Dizze moderne klassiker is al mear as 20 miljoen kear ferkocht. No, yn de oersetting fan Jan Popkema, is er ek yn it Frysk beskikber.

Jan Popkema hat mei dizze oersetting fan Das Parfum de dr. Obe Postmapriis 2020 takend krigen.

 

ISBN : 9789082197082 Pages : 293 Language : Frysk Publisher : Regaad Format : paperback Translator : Jan Popkema Kategory: , , .