It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

It libben fan Fimme Lap

Piter Boersma

25,00

Details

Fimme Lap, hikke en tein yn Wettergea, wurket sûnt syn fjirtjinde op ’e helling yn it doarp. Syn frije tiid besteget er oan fiskjen. Hy is yn in húshâlding mei acht bern de iennichste, dy’t yn syn berteplak hingjen bleaun is. Hy is troud en hat trije bern. Om syn fiifenfjirtichste hinne komt er yn ’e kunde mei in Dútske keunstner. Dy hat him mei syn frou yn Wettergea nei wenjen set en de omgong mei Helmut Wahrig bringt Fimme ek ta de skilderkeunst. Nêst hellingman en frijetiidsfisker wurdt er ek skilder. Dat it skilderjen him sa yn ’e besnijing krijt, hat lykwols syn wjerslach op syn frou Tetsje. It hat gefolgen foar Fimme syn libben mei har en Tetsje set ek in stap.

Tusken Fimme en Helmut bestiet mear oansluting as allinne op it mêd fan ’e keunst. Fimme is hellingman, Helmut syn heit wie it. In deadlik barren yn ’e Twadde Wrâldoarloch yn Wettergea ferbynt harren en ek it feit dat se beide de oarlochsellinde ûntrûn binne, Fimme de tewurkstelling yn Dútslân en Helmut hoegde it leger net yn. Nêst omtinken foar keunst en literatuer slacht yn it bysûnder Helmut Wahrig syn faksinaasje foar it libben en de keunst fan Joseph Beuys, syn tsjinpoal yn de keunst, op Fimme oer.

It libben fan Fimme Lap is Piter Boersma syn tolfde proazawurk. Dêrnêst publisearre er tsien dichtbondels. Yn 1998 waard him foar syn roman It libben sels de Gysbert Japicx-priis takend.

 

Author : Piter Boersma ISBN : 9789074516570 New label : 1 Pages : 330 Language : Frysk Publisher : Hispel Format : paperback Kategory: , , .