It ferset - Audioboek
Harmen Wind
€24,00
Details
Lústerboek
In ynkringend ferhaal oer in heit en in soan dy’t elkoar net berikke kinne. De soan besiket syn jeugdjierren troch de eagen fan syn heit te besjen. De heit is slim siik en ferset him oan it lêste ta tsjin syn dea. Yn de weromblikken spilet ek it ferset yn ‘e oarloch in beskieden rol.
Het verzet ferskynde yn 2002 as it Hollânske proazadebút fan Harmen Wind by De Arbeiderspers. De parse wie oer it algemien tige posityf.
Yn 2003 wûn it boek de Debutantenprijs voor literair proza (Stichting Perspectief, Dordrecht). Foarsitter Elsbeth Etty (NRC) yn it sjueryrapport: “Harmen Wind heeft een tijd- en leeftijdloze roman geschreven. Het verzet was voor ons een openbaring, een ontdekking.
Wind sei yn in ynterview dat er it boek beskôge as “in Fryske roman yn it Nederlânsk”. Om ôfstân ta it ûnderwerp te krijen, keas er ynearsten foar it Hollânsk. Hy begûn mei de oersetting fuort nei de ferskining. It is lykwols mear wurden as in oersetting: dêr’t him dat needsaaklik of gaadlik talike, hat de auteur útwreidings en (lytse) feroarings oanbrocht. Mei dizze útjefte yn de memmetaal is it ferhaal dus feitlik te plak.
Foarlêzen troch de skriuwer
10 cd’s