It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

It Achterhûs

Anne Frank

17,50

Details

Deiboek-brieven. 12 juny 1942 – 1 augustus 1944

De nije Fryske edysje fan ‘It Achterhûs’ fan Anne Frank. Oerweldigjend as je jong binne, yngripend as je âlder binne.

Yn maart 1945 stoar Anne Frank op 15-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Goed twa jier letter soarge Otto Frank, de iennichste fan de famylje dy’t de oarloch oerlibbe, derfoar dat it deiboek dat syn dochter fan 1942 oant 1944 op har skûladres byholden hie, yn it Nederlânsk publisearre waard. Dêrmei waard Anne Frank foaral foar jonge minsken it symboal fan de Joaden dy’t yn ‘e Twadde Wrâldoarloch fermoarde binne.

It boek is ien fan de meast lêzen boeken op ‘e wrâld: it ferskynde yn mear as tritich lannen en der binne mear as sechtjin miljoen eksimplaren fan ferkocht. Sa kinne minsken út de hiele wrâld har ynlibje yn Anne har oangripende striid om it bestean, har langstmen, har gefoelens en har hoop op ‘e takomst.

Author : Anne Frank Translator : Jacobus Q. Smink ISBN : 9789492176059 Pages : 298 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : paperback Kategory: , , , , .