Kategoryen

No products in the cart.

In ûngrypber bestean

Rients Aise Faber

17,50

Details

Nei de koroanapandemy reizget Eelke Tolsma as ien fan de earsten wer nei Bali, it eilân dêr’t hy en syn frou Marije eartiids goeie tiden belibbe hawwe. It ferstjerren fan syn frou troch de pandemy hat syn wrâld op ‘e kop set. De reis is foar him in magysk besykjen om dy moaie tiden mei Marije werom te finen. It beteart lykwols allegear hiel oars. Hy fielt him in âld man en hat in bulte prakkesaasjes oer syn eardere wurk by it ûnderwiis. Hy belânet yn ‘e rin fan dy reis fan de iene yn de oare frjemde situaasje. Yn dat ûngrypber gehiel besiket er opnij syn draai te finen.

Dit boek is nei Helia en har wrâld mei Chopin de twadde roman fan Rients Aise Faber (1946). Earder skreau er in proefskrift oer de Fryske dichter en Huzumer dokter Lucius Columba Murray Bakker (1822-1911) en in tal kultuerhistoaryske artikels en boeken. Ek ferskynt yn 2021 Lang haw ‘k net nei skoalle west. Fersen en teksten fan Jouwert Jouwertsma (1857-1889).

 

Author : Rients Aise Faber ISBN : 9789464356977 New label : 1 Pages : 158 Language : Frysk Publisher : Eigen behear Format : paperback Kategory: , , .