In frjemde fûgel - Ferhalen
Elmar Kuiper
€15,00
Details
De sân manlju yn In frjemde fûgel binne frjemde einen yn it bit. Se libje oan de râne fan de maatskippij en binne gek, maniakaal, obsessyf, ferlegen, monomaan of autistysk. Benammen op it mêd fan yntimiteit en relaasjes keallet it swier mei harren. De skriuwer sit de personaazjes ticht op ‘e hûd en lit de lêzer omdoarmje yn harren geast.
Kuiper skriuwt linich en syn taal is boartlik en byldryk. Dêrby stekke de plots fan syn ferhalen fernimstich yninoar.
Dichter en byldzjend keunstner Elmar Kuiper (1969) hat al in grut tal poëzybondels publisearre, seis yn it Frysk en twa yn it Nederlânsk. In blomlêzing út dy bondels ferskynde yn it Dútsk en meikoarten ek ien yn it Ingelsk. Mei dizze ferhalebondel manifestearret er him no ek as proazaskriuwer.