It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

In fauna fan ingels

Durk van der Ploeg

24,50

Details

Durk van der Ploeg – Santich jier skriuwer – Fiifentweintichste roman

De haadpersoan yn dizze jubileum-roman fan Durk van der Ploeg, syn fiifentweintichste, is in kroanysk psychiatrysk pasjint dy’t yn ’e rin fan syn libben ferskillende kearen yn kliniken en ggz-ynstellings opnommen wurde moast.
Sânenfjirtich jier nei de earste opname wennet er allinne yn it hûs fan syn âldelju. Omdat er oars net ien hat om mei te praten en om te witten wa’t er is fertelt er himsels syn libbensferhaal dat giet oer syn ferbliuw yn ferskillende ynrjochtings, oer syn psychoazen, eangsten, efterfolgingswaan en de labels dy’t him yn ’e rin fan ’e jierren opplakt binne.

Durk van der Ploeg (Hoogkarspel, 1930) wurke as redakteur. Debutearre as skriuwer yn 1952. Skreau romans, ferhalen, gedichten en essay’s. Dêrfoar waard him yn 2011 de Gysbert Japicxpriis takend.

Author : Durk van der Ploeg ISBN : 9789492457486 New label : 1 Pages : 224 Language : Frysk Publisher : Het Nieuwe Kanaal Format : Ynbûn mei stofomslach Kategory: , , .