It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Ik Vincent van Gogh - Diel 24 fan 'In Fryske Odyssee'

Willem Tjerkstra

21,95

Details

Ik Vincent van Gogh is it fjouwerentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze Krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gidsen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen en Swart Gat wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2002.

Ik Vincent van Gogh hie de titel wêze kind fan de autobiografy fan de wrâldferneamde skilder. In eigen beskriuwing hie grif mearwearde hân njonken tal fan boeken oer syn libben en wurk. No’t Vincent van Gogh gjin autobiografy skreaun hat, is de auteur de útdaging oangongen om de fingearre autobiografy Ik Vincent van Gogh te skriuwen. Hy koe him op trije gebieten ferpleatse yn Van Gogh: as amateur-skilder, as deskundige mei lyksoartige ûnderfinings op it mêd fan it wolwêzen en as auteur fan it mystearje fan it libben yn relaasje mei de godsfraach.

Op grûn fan dizze oerienkomsten tusken Vincent van Gogh en de auteur is de fingearre autobiografy de muoite wurdich om lêzen te wurden.

Author : Willem Tjerkstra ISBN : 9789463389112 New label : 1 Pages : 348 Language : Frysk Publisher : Aspekt Format : Softcover Kategory: , , .