Hessel Ypma
Paulus Akkerman
€18,50
Details
Haadpersoan Hessel Ypma is net in sympatyk personaazje. Hy is stoef en swijsum, in rêsteleaze wrotter en wramer, en tagelyk in grutte ynklauwer, want jild is foar him it iennichste dat telt. Hessel makket slachtoffers en dy lit Akkerman syn lêzers sjen. Mar Hessel sels feroaret gjin sprút. It ferhaal spilet him ôf yn in wrâld dy’t net mear bestiet. Mar de Hessel Ypma’s binne fan alle tiden: fûle, deune gjirremiten mei wa’t jo eins begrutsjen hawwe moatte.
Paulus Akkerman skreau Hessel Ypma yn it lêste oarlochsjier. De roman stiet yn de tradysje fan de Fryske ‘boereroman’.
It boek ferskynde foar it earst yn 1949 yn de Fryske Bibleteek. Dizze fjirde printing is in werútjefte fan de tredde út 1993 yn de rige ‘Fryske Klassiken’, mei in neiwurd fan Tineke Steenmeijer-Wielenga.