Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Helia en har wrâld mei Chopin

Rients Faber

16,99

Details

1952. As Sierd mei syn mem útfanhûs is, rekket hy yn ‘e kunde mei de pianolearares Helia Bonninga dy’t in skoft yn Frankryk taholden hat. Nei har skieding is se mei har dochterke Yvelle weromkommen by har âlden.

1962. Sierd sit ûnderwilens op pianoles by Helia. Op in muzykwykein op ‘e Bonningapleats heart er fan boer Bonninga dat de pleats sûnt âlde tiden in bysûndere bân mei muzyk hat.

1050. Nei syn beafeart nei Cluny komt Eirik werom mei in aadlike frou, Evelle fan Semur. Sy bringt bysûndere muzikale krêften mei.

1967. Helia nûget Sierd mei oare jonge minsken út foar in reis nei Lyon. Har leafde foar Chopin bringt ek feroaring yn Sierd syn libben. Yn Lyon ûndekt Sierd mear oer it mystearje fan dy krêften. Tegearre mei Yvel fynt Sierd de ferburgen boarnen fan harren muzikaliteit.

Rients Faber (1946) wie learaar. Hy skreau in proefskrift oer de Fryske dichter dr. Lucius Columba Murray Bakker (1822-1911), ferskate kultuerhistoaryske artikels en in tal boeken: Stimmen út in doarpsferline, De reis van Tiesema en Dwalen door een familiearchief.

Skriuwer: Rients Faber Isbn: 9789402125962 Nij: 1 Tal siden: 134 Taal: Frysk Útjouwer: Eigen beheer Utfiering: paperback Kategory , , .