It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Harkema’s en Tiemersma’s (5 boekjes)

Praat mar Toaniel!

25,00

Details

Dit ferhaal giet oer twa húshâldingen. Sy wenje yn it Wylde Westen yn de 19e iuw. Beide húshâldingen, de Harkema’s en de Tiemersma’s  binne emigrearre út Fryslân wei. Sy hawwe altiten rûzje en tsiere en fjochtsje allegeduerigen tsjin en mei elkoar.  En wêrom? Sy witte it sels net mear, it is in gewoante wurden. Gelokkich komt Lytse Luuk del. Mei in pear famyljeleden dy’t it ferstân brûke, komt it dochs noch goed yn West Hill. Of dochs net?

In rige fan 12 toaniellêsboekjes foar de groepen 5 oant 8 fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dyn gefoelens en gedachten bringst yn dyn eigen taal it bêste ta útdrukking. By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen, te praten en mooglik ek te skriuwen.

Kombinaasjetip: By in tal fan de útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige Projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy Projekten yn de Fryske metoade ‘Spoar 8’.

Author : Praat mar Toaniel! Domein : Harkjen, Lêzen, Praten, Yn petear Underwiissoart : primêr ûnderwiis Kategory: .