Grûntonger
Nils-Aslak Valkeapää
€25,00
Details
Blomlêzing út de fersen fan Nils-Aslak Valkeapää.
Nils-Aslak Valkeapää (1943-2001) is fierwei de belangrykste dichter fan ’e Sami, de bewenners fan Laplân. Syn gedichten binne hiel yntym, persoanlik en tradisjoneel en se binne faak in ferbylding fan it wrydske lânskip. De heldere toan bringt yn holle en hart in pynlike en tagelyk wûnderbaarlike tinteling teweech. Se azemje de weemoed en it fertriet dat feroarsake wurdt troch it ferlies fan lân en kultuer en it optwongen krijen fan oarmans wetten. Se binne djip woartele yn in tradisjoneel ekologysk perspektyf, bewust fan it plak fan ’e minske yn ’e natuer. Ek ferbine se minsken mei har woartels en mei har takomst. Se binne grif in warskôging foar de driigjende klimaatferoaring en hawwe noch neat oan krêft ferlern.
De bondel is oerset yn it Frysk en Nederlânsk.
