Fuortsjefinne: fragminten
André Looijenga
€15,00
Details
Fuortsjefinne: fragminten is in samling fan 44 út de gedichten skreaun yn de jierren 2013 oant en mei 2020. In part hjirfan hat earder publisearre west yn it Frysk literêr tydskrift Ensafh of op de webside fan it Frysk Dichterskollektyf Rixt.
André Roelof Looijenga (1982) is hikke en tein yn Tersoal as skoalmasterssoan. Hy studearre Gryks en Latyn, mei û.o. as byfak Aldfrysk, – benammen yn Grins, mar ek yn Amsterdam en Durham (Ingelân). Mei it gedicht de brêge wûn er yn 2017 de Rely Jorritsmapriis.
do by my yn earms en skurte
wy inoar it strjitplan fan ús lea
ús tuten it plein en tegearre
ranend wy ús tsjerken, skoallen
wenje wy mids de wrâld ús doarp