FRYSK - Bordspel
(Frysk - Boerdspul)
Robert Brouwer en Arjan van Houwelingen
€35,00
Details
Fryslân hat in bysûndere ûnsteansskiednis dy’t gâns iuwen werom giet yn ‘e tiid. De Friezen hawwe as gjin oar harren leefomjouwing foarm witten te jaan. Soms meibewegend mei de natoer, mar faak ek mei de ynstek om dy natoer te betwingen.
Yn FRYSK bisto in Fryske pionier. Bou dyn eigen provinsje Fryslân troch tegels strategysk del te lizzen yn kombinaasjes dy’t it measte opsmite. Soargje dat de terpen omjûn wurde troch oarsoartige gebieten, lis in moaie rjochte stripe greide oan, wreidzje dyn graangebieten út of wurdt de grutste feehâlder fan de provinsje. Lis wetterwegen oan, lit marren ûnstean, jou stedsrjochten út en bou tsjerken, pleatsen en stâlen. Koartsein: ûntwikkelje dyn eigen provinsje Fryslân!
FRYSK is in famyljespul foar 1 o/m 6 spilers. Leeftyd: 8+.