Fêstichheid
Nelly Jongsma-de Jong
€10,00
Details
Hilde wennet yn Alkmaar mei har dochterke Nynke en is hast klear mei har stúdzje psychology as de koroanapandemy útbrekt. Har mem rekket it wurk kwyt en ek har heit hat gâns minder ynkommen. Dan nimme har âlden it drastyske beslút dat Hilde har hûs yn Alkmaar ferkocht wurdt en Hilde en Nynke foarearst by harren yn Fryslân wenje moatte.
Wylst alle fêstichheid om elkenien hinne wei falt, komt der op in dei in wyldfrjemde frou by Hindrik en Wilma oan ‘e doar dy’t har oankundiget as Henriëtte Schuurmans, de âldste dochter fan Wilma, dy’t by de berte ôfstien waard foar adopsje. Wilma kin har gelok net op, mar Hilde hat sa har twivels. Is dit echt har âldste suster?
Fêstichheid is de fjirde roman fan Nelly Jongsma-de Jong (Haskerhoarne, 1935). It is it ferfolch op har populêre roman Hilde ferstjitten út 2022. Earder ferskynden by de KFFB Brief út it ferline (2014) en Moard út it ferline (2016).