Fersen foar Fokje
Bertus Mulder
€12,50
Details
Syklus fan Piter Jelles Troelstra
Yn de simmer fan 1881 krige de jonge Piter Jelles Troelstra ferkearing mei de boeredochter Fokje Frânses Pasma fan Westermar. Doe’t hy studint waard yn Grins, moast dit oer wêze neffens de famylje Troelstra.
Yn njoggentjin fersen fan Piter Jelles fynt men dêrfan de delslach. De Fersen foar Fokje beskriuwe syn jongfeinte lok en lijen. ‘De leafde foel as simmerrein m’ yn ‘t hert,’ skriuwt er. De opgong, de twifel, de hope op better as de ferkearing in jier tusken heakjes set wurdt, de ferstille wanhoop en mankelikens komme allegear werom yn dizze syklus.
Bertus Mulder (It Hearrenfean, 1949) studearre arbeidssosjology, wie dosint sosjale skiednis en promovearre yn 1991 oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is auteur van de boeken De jonge Piter Jelles, Jaap Nieuwenhuize – Onstuimig en onvervaard en De nazi’s te slim af zijn.
Ik jou de wyn myn suchten mei, myn klachten en myn sangen;
Hy strûst sa rimpen oer de wei en rûst dy om ‘e wangen.
Hy tysket yn dyn hierren om en lústert dy yn d’ earen:
“Hy skriemt om dy, syn libbensblom, syn langstme en syn begearen.
 Lytse Ezel - Jarich syn jierdei
 Lytse Ezel - Jarich syn jierdei Alle dagen Frysk  - kalinder
 Alle dagen Frysk  - kalinder Kaart: Dikke tút!
 Kaart: Dikke tút! Flessewipper Bierke?
 Flessewipper Bierke? Kaart: De tiid hâldt gjin skoft (Friese spreuktegel)
 Kaart: De tiid hâldt gjin skoft (Friese spreuktegel) Kaart: Hoi pake & beppe!
 Kaart: Hoi pake & beppe! De wûndertoeter fan Hindrik Bûter
 De wûndertoeter fan Hindrik Bûter
 
                    