It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Feroaring fan lucht

Rink van der Velde

19,50

Details

Skelmeroman oer Durk Snoad dy’t mei syn húshâlding mei tolve bern djip yn de Sweachster bosken wennet en erflik yn opstân is tjin it wettich gesach

Yn 1971 ferskynde Rink van der Velde syn skelmeroman Feroaring fan lucht. It boek waard in klinkend súkses en neffens de ferhâldingen in absolute bestseller.
Durk Lugtigheid, alias Durk Snoad, is de heit fan in húshâlding mei tolve bern en wennet earne djip yn de Sweachster bosken, yn in âld klinte. In asosjale húshâlding, sa soe it spultsje tsjintwurdich bestimpele wurde. Durk Snoad libbet meast fan de steun fanwegen net te kontrolearjen rêchklachten en fan de streuperij. Hy is erfklik yn opstân tsjin it wettich gesach. Woltinkende en goedmienende minsken besykje der dochs noch in fatsoenlike húshâlding fan te meitsjen en prakkesearje it Snoad-folk nei in hierwente yn Drachten. Dat kin fansels net oars as misbeteare.

Yn 1990 by de 13de printinge paste de skriuwer de tekst oan foar in nije generaasje lêzers. Dizze útjefte is gelyk oan de lêste, sechtjinde printing fan 2004.

Yn Durk Snoad hawwe wy no dan lang om let de oerurven Frysk-Wâldsjer fariant begroetsje kind fan de literêr ferneamde ‘uitvreter’. In man, wol sljocht en rjocht, mar net froed en from.
Freark Dam yn de Ljouwerter Krante

Feroaring fan lucht is in harstikke moai boek!
Jo Smit yn de Drachtster Courant

Frysk, 193 siden, paperback

ISBN : Author : Rink van der Velde Kategory: , .