Fauna XXtraordinaire - 10 aansichtkaarten
€10,00
Details
Dierlik byld mei in literêre klank
Der bestiet in grutte misfetting yn ‘e wrâld, nammentlik dat berneboeken allinnich foar bern wêze soene. Mar in goed berneboek is in gesamtkeunstwurk tusken twa kaften, skepen troch skriuwer, yllustrator, foarmjouwer, printer, én de lêzer, foar jong en âld. Om it berneboek fierder ta libben te wekken, hawwe Stern Nijland en O.C. Hooymeijer in bûtengewoan dierelânskip kreëarre foar de tentoanstelling Fauna XXtraordinaire.
Noch mear keunstwurken binne te finen yn dizze yntime publikaasje dêr’t Fryske berneboeke-yllustratoaren Yke Reeder, Nina Peckelsen, Douwe Dijkstra, Berber van den Brink en Stern Nijland hiel ferskillend mar izersterk wurk sjen litte. De Fryske dichters Kate Schlingemann, Hein Jaap Hilarides, Nachtvlinder, Pieteke de Boer en Paul van Dijk hawwe boarte mei taal en wurden jûn oan it ûnderwerp.