It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Fan libben en dea

Bouke Oldenhof

17,50

Details

Fan libben en dea is in bondeling fan trije resinte toanielstikken, skreaun troch Bouke Oldenhof, mei in oerkoepeljend tema. Yn alle trije stikken stride minsken om in weardefol bestean wylst de dea altyd by har yn de buert is.

Feteranen (2015) luts mei Freark Smink en Joop Wittermans yn santich foarstellingen 15.000 minsken. It waard mei de Fedde en Martha Bergsmapriis bekroand as bêste toanielstik út 2012 oant en mei 2016. Yn it yntime foar dy nei dy (2016) fertelden Froukje Reitsema en Popke van der Zee wat it ferlies fan har bern mei harren die. It wie op in simmerjûn (2019) behannelet de aktuele tematyk fan it frijwillich libbensein.

De treffende tema’s, de lichte dialogen mei spitse humor en subtyl fertriet, en de brekberheid fan de personaazjes toane it masterskip fan Bouke Oldenhof, ien fan de belangrykste toanielskriuwers fan Fryslân. Earder ferskynden fan syn hân de Nederlânsktalige bondel De Rijpen en de Frysktalige bondel Fan letter soarch.

ISBN : 978 90 5615 491 2 Author : Bouke Oldenhof Pages : 176 Language : Frysk Publisher : Bornmeer Format : ynbûn Kategory: , , , , .