Kategoryen

No products in the cart.

Enola Holmes - De saak fan de fermiste markys

Nancy Springer

17,50

Details

‘Ik soe stommegraach witte wêrom’t ús mem my Enola neamd hat. Achterstefoaren stiet der ‘alone’. Allinnich. Mem hie altyd niget oan puzzeltsjes en geheimskrift. It kin hast net oars of se hat der wat mei bedoeld…’

Enola Holmes. It eigensinnige, messkerpe jongere suske fan de ferneamde Sherlock Holmes komt derachter dat har mem ferdwûn is. Se naait stikem út om har te finen en belibbet op it Ingelske plattelân en yn de Londenske metropoal de wyldste aventoeren. De ûntfiering fan in markys, moardlustige boeven en har slûchslimme bruorren… Enola moat it allegear trochstean. Underwylst moat se ek noch oanwizingen besykje te ûntsiferjen yn de speurtocht nei har mem.

Enola Holmes: De saak fan de fermiste markys is it earste diel yn de Enola Holmes-rige fan de Amerikaanske skriuwster Nancy Springer. It ferhaal is yn Nederlân bekend wurden troch de populêre Netflix-ferfilming (2020). Nei it grutte sukses fan de earste film stiet foar it neijier fan 2022 in twadde film yn de planning. It boek is boppedat noch net yn it Nederlânsk ferskynd, sadat dizze Fryske oersetting in lanlike primeur is!

Author : Nancy Springer ISBN : 9789082985719 New label : 1 Pages : 160 Language : Frysk Publisher : Regaad Format : ynbûn Illustrator : Nina Peckelsen Translator : Tryntsje van der Steege Kategory: , , .