Kategoryen

No products in the cart.

En it hie sa moai wêze kinnen - Trije novellen

Durk van der Ploeg

19,90

Details

Ta eare fan de njoggentichste jierdei fan Durk van der Ploeg, nestor fan de Fryske literatuer, binne trije fan syn earder publisearre novellen no ferskynd yn ien lúkse paperback:

De winter komt is it ferhaal oer Brand, in man op jierren. As er syn frou dea fynt yn ‘e loads, fertizet er yn fragen dy’t er himsels stelt. Wannear’t it net ta antwurden komt, beslút er har yn ‘t hiem te bedobjen. En as de feiten in bedriging foarmje, sjocht er gjin útkomst.

Bertegrûn. In jongfeint fynt it hiem dêr’t er opgroeid is ûnder opspuite lân en dolt in hoale om yn te wenjen. As se syn bousel mei de shovel opromje, wurdt er bedobbe yn syn hoale. At se beseffe dat de man bedobbe is, helje se him, mear dea as libben, út syn bertegrûn.

De sniewinter giet oer in widner en in keunstneres dy’t yn it tsjerkje fan Teard har atelier hat. Dy winters falle der protten snie en de keunstneres skildert hûs en hokken fan de widner. Har skilderijen wurde bekroand, mar de gemeente lit de hokken opromje. In striid oer keunst en amtlike regels.

JABIK VEENBAAS: ‘It wurk fan Van der Ploeg kriget grutte krêft bywannear’t er syn haadfigueren ticht op ‘e hûd sit. Topwurk levere er ôf mei de novellen Bertegrûn en De winter komt.’

Author : Durk van der Ploeg ISBN : 9789492457363 New label : 1 Pages : 238 Language : Frysk Publisher : Het Nieuwe Kanaal Format : paperback Kategory: , , .

Relatearre produkten