Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Aanbieding!
Oanbieding

Elske din datter

Auck Peanstra

Oorspronkelijke prijs was: €17,50.Huidige prijs is: €5,00.

Details

Elske din datter wie de debútroman fan Auck Peanstra (1954-2016). It boek giet oer de dochter fan Freark Siekmans en in Deenske frou dy’t in skoftsje by him ynwennet. Sy ferdwynt ynienen en foar altyd, mar lit wol in lytse poppe achter, mei it boadskip: Elske din datter. Yn it Deensk betsjut dat: Elske dyn dochter.

It famke groeit op op de Burdskop, mar makket har letter los fan har heit en nei syn ferstjerren giet se op syk nei har skiednis. As de heit ferstoarn is hellet Elske tidens de routsjinst oantinkens op oan de tiid dat se op de pôle wenne.

Auck Peanstra (Aukje Hoogland-Peenstra) is opgroeid op Sitebuorren ûnder Grou. Letter is se nei Bitgummole ferhuze, dêr’t se begûn te skriuwen. Yn 1991 ferskynde har earste berneboek: Melle moat in bril ha. Dêrnei folgen der mear. Foar Yn piama de dyk oer krige se Simke Kloostermanpriis en de sulveren spjelde fan de Fryske Berneboekesjuery.

Skriuwer: Auck Peanstra Isbn: 9789065703446 Tal siden: 159 Sale label: 1 Taal: Frysk Útjouwer: Koperative Utjowerij Utfiering: paperback Kategory , , , , .

Relatearre produkten

Oanbieding
Oorspronkelijke prijs was: €12,90.Huidige prijs is: €5,00.