It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Doch-mear-mei-Tomkemap

(Doch-mear-mei-Tomkemap )


0,00

Details

De aktiviteitemap ‘Doch mear mei Tomke’ jout suggestjes foar aktiviteiten oan professionals, sadat sy op in ienfâldige wize mei de bern mei it Frysk oan ’e slach kinne.

Al pratend, lêzend, sjongend, dûnsjend, boartsjend en nifeljend wurdt oan ’e hân fan tolve tema’s de taalûntwikkeling fan bern stimulearre. Mar likegoed ek de emosjonele, sosjale en motoaryske ûntwikkeling. Handich dêrby is dat de tema’s en aktiviteiten oanslute by de Nederlânske metoaden ‘Uk en Puk’ en ‘Piramide’.

De Doch-mear-mei-Tomkemap is foar pjutteboartersplakken en bernesintra en bestiet út 12 temaboekjes, praatplaten by de tema’s, deiritmekaarten, in útfanhûzerstas en fansels in hantlieding. Fia de Tomketeek is oanfoljend digitaal materiaal beskikber.

Neist de materialen dy’t yn it basispakket sitte, kinne noch ekstra produkten bybesteld wurde, lykas in Tomke knuffel, boekjes, hânpoppen en fingerpopkes.

Domein : Harkjen, Lêzen, Praten, Yn petear Underwiissoart : foarskoalsk Leeftyd : 0-4 jier Kategory: .