It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

'Do draachst de leafde oan' - Jij draagt de liefde aan

Redaksje: Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra

35,00

Details

Literatuer fan Fryslân troch in rôze bril

Yn dizze blomlêzing wurdt mei in rôze bril nei de literatuer fan en oer Fryslân sjoen. It lit sjen hoe’t, mei in Fryske ynfalshoeke, yn de rin fan de tiid oer lhbty+-emoasjes en -gefoelens skreaun is. It hat in breed ferskaat oplevere fan gedichten en proazafragminten dêr’t in ferrassend breed palet oan lhbty+-aspekten yn nei foaren komt.

It boek jout de lêzer in byld fan hoe’t der troch de iuwen hinne yn ús moaie provinsje skreaun en tocht waard oer de leafde, yn al syn ferskiningsfoarms. Dizze blomlêzing draacht dêrtroch folle mear kleuren as allinnich mar rôs. En dat is mar moai ek. Want de leafde lit him net yn in hokje triuwe. – Drs. A.A.M. Brok, Kommissaris fan de kening yn de provinsje Fryslân

 

Relatearre produkten

Oanbieding
Original price was: €17,50.Current price is: €5,00.