It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Dingeman krijt wjukken

Eppie Dam

15,00

Details

De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy’t tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen…

Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer. Hy skriuwt behalve berneboeken, ek gedichten, ferskes foar jong en âld, en lieten foar toaniel. Dêrneist set er poëzy oer út ferskate talen. Hy krige yn 2001 foar Dingeman krijt wjukken de Simke Kloostermanpriis.

De yllustraasjes en wurkboeken fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra nimme in spesjaal plak yn. Se foarmen foar de skriuwer in ynspiraasjeboarne foar it skriuwen fan dit boek en litte sjen datst mei wat fantasy fan ienfâldich materiaal wiere keunstwurken meitsje kinst.


Tante Tjits: “Wat hearlik, dizze klassiker. It moat dochs geweldich wêze: wa soe net sa op in buorkerij omheisterje wolle? Neat is nuver, alles kin. Achter alle doarren en yn elke hoeke is wat te ûntdekken. Krekt as op de tekeningen fan Gerrit Terpstra. Meitsje wat dyn holle betinkt, prate mei de bisten en in folwoeksene dy’t dy hielendal foar fol oansjocht en dy sels neitinke lit. Ferhalen dy’t dy helpe om de werklikheid te begripen, soene wy dat yn it echt ek net wat mear dwaan moatte?” Lês de hiele boekresinsje fan Tante Tjits hjir op har blog.

Reina: “‘Dingeman krijt wjukken’ giet oer freonskip, dyn fantasy brûke en nijsgjirrich bliuwe. Oer leauwen yn dreamen, dyn wjukken útslaan en krekt salang trochfleane oantsto bist wêr’tst wêze wolst. ‘Elk moat op syn eigen plak gelokkich wurde’, skriuwt Eppie Dam. En dat binne wiere wurden. De skitterjende tekeningen fan de sammelboeken fan ‘Joazef’, fan ’e hân fan Gerrit Terpstra, foarmje yn kombinaasje mei de wurden fan Eppie Dam in boek fol aventoer, emoasjes en humor. Ferhalen mei tekeningen dêr’tsto nei sjen bliuwst en oan ’e ein ta spannend. In boek foar lytse en grutte minsken mei fantasy en boekehonger!” Lês hjir de hiele boekresinsje fan Reina.

Annika: “Ik fyn dit in moai berneboek, om’t alles mooglik is. Fantasyen dy’t útkomme yn de foarm fan útfiningen of praten mei bisten. Dêrneist wurdt der op dizze manier praat oer serieuze ûnderwerpen út it libben, lykas pesten of de dea. It makket it boek tiidleas; fernimst net dat it yn ’e foarige iuw útbrocht is.” Lês hjir de folsleine boekresinsje.

Author : Eppie Dam ISBN : 9789062735624 New label : 1 Pages : 199 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Illustrator : Gerrit Terpstra Kategory: , , , , , .

Relatearre produkten

Oanbieding
Original price was: €15,95.Current price is: €5,00.