De treastfûgel
Hylke Speerstra
€15,00
Details
Yn De treastfûgel folget Hylke Speerstra it spoar fan twa famyljes út Hichtum. De iene húshâlding stapt yn 1911 op de boat nei Amearika en kin yn it stienearme Súd-Dakota amper oerlibje. Mar úteinlik wurde se Amerikaan mei de Amerikanen. Foar de oare húshâlding wurdt it in swalkjen tusken arbeiderswenten yn Fryslân en melkstâlen yn Dútslân.
De ferhalen fan beide famyljes komme wer byinoar as twa neikommelingen út de tredde generaasje oan it oarlochsfront bedarje: de iene as oerwinner, de oare as ferliezer. Speerstra reizge foar dit ferhaal nei noch libjende tsjûgen yn Amearika en Dútslân, en kaam werom mei it hiele ferhaal. Mar hoe hertferskuorrend de earmoede en ferskrikkingen bytiden ek wiene, Speerstra fertelt de stoarje sa’t hy dat allinne mar kin: fol gefoel, humor en moederaasje. Dat alles yn prachtich en lêsber Frysk.
Dit boek ferskynde yn oanset as Frysk boekewikegeskink 2011.