It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De tiid stie even stil - Audioboek

Jan van der Leij

15,00

Details

Lústerboek

It waard my kâld oer de lea.
Der lei in deade man. De stilte waard benearjend.
Foar de tredde kear seach ik nei myn auto.
Wat deryn dreau wie in lyk.
Ik wie in pear tellen ferslein en seach Pyt
freegjend oan. Dy kaam op my ta.
Die de bûslampe út, en lei in hân op myn skouder.
Hy sei op gemoedlike toan: ‘Begripe jo it no? It is gjin spultsje.. .’
(Ferkeard parkeard)

Jan van der Leij (Grou 1952) publisearre yn 1997 trije keatsferhalen yn Tuskenspul. Yn 2003 en 2004 wûn er mei in ferhaal in Rely-priis. Syn ferhalen binne tige ferskillend. Hy skriuwt koele observaasjes, mystearjes, humoristysk-realistyske stoarjes en ferrifeljende ferhalen. De skriuwer jout de werklikheid no en dan in draai dy’t de lêzer ferrast of ferbjusteret.

Foarlêzen troch de skriuwer

4 cd’s

Author : Jan van der Leij ISBN : 9789460380020 Language : Frysk Publisher : Audiofrysk Kategory: , , , .