Nij
De slachting by Boksum - strip
Richard Bos & Alexander Russchen
€12,50
Details
In rare hou foar de Friezen yn ‘e Tachtichjierrige Oarloch
De slach by Boksum is foar de Friezen yn ‘e Tachtichjierrige Oarloch in tebeksetter fan komsa. Ut Grinslân wei tsjogge Spaanske soldaten plonderjend en moardzjen troch it Fryske gea.
As it Fryske leger besiket om de Spanjerts in laach te lizzen, wurdt it by Boksum ien grouwélige slachting.
De tekeningen binne makke troch Alexander Russchen, it senario en de ynkleuring binne dien troch Richard Bos. Neist de strip befettet it boek ek in histoaryske taljochting.
Ek yn it Nederlânsk ferskynd: https://websjop.afuk.frl/frl/winkel/bloedbad-bij-boksum-strip/