It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De skacht en de slinger

Edgar Allan Poe

10,00

Details

De nije Grinzer/Fryske útjouwerij Regaad kaam op freed 28 maart mei har earste publikaasje: De skacht en de slinger, in yllustrearre Fryske oersetting fan in novelle fan Edgar Allan Poe. De oersetting is makke troch Anne Tjerk Popkema, dy’t yn 2012 de Fryske provinsjale oersetpriis krige foar syn oersetting fan Tolkiens The Hobbit.

‘Ik wie ynein, deaynein fan ‘e lange foltering en doe’t se my lang om let losmakken en ik sitten gean koe, fielde ik hoe’t ik de sinnen ferlear. It fûnis – it freesde deafûnis – wie it lêste dúdlik ûnderskiedbere dat ik noch hearre koe.’

Edgar Allan Poe hat it ferhaal ‘The Pit and the Pendulum’ foar it earst publisearre yn ‘e bondel The Gift: A Christmas and New Year’s Present for 1843. Ynkwisysje, in ferbliuw yn in tsjustere tsjerker, folterjen… De horror is yn plakjes te fykjen. Mei oan dit ferhaal hat Poe syn wrâldwide rom te tankjen. Mei rjocht. It is seldsume goed.

Lês dit Krystgeskink út 1842 en huverje…

 

 

Author : Edgar Allan Poe ISBN : 9789082197006 Pages : 32 Language : Frysk Publisher : Regaad Translator : Anne Tjerk Popkema Kategory: , , , , .