De sachte tufkes fan dyn Lister
Eppie Dam
€10,00
Details
De krap tweintich fersen yn dizze bondel fan Dam, dy’t ûnderwilens in aardich oeuvre opboud hat, geane alle oer de heit fan de dichter oan waans neitins de bondel opdroegen is. Heit en soan stiene ticht byinoar, wat út it earste gedicht bliken docht. De soan, de dichter, bliuwt oars net oer as bylden. Dat binne dan benammen bylden fan it boerelibben fan de heit: de pleats, de bisten (nei de dea fan heit ferspraat oer it Fryske lân).
Ek de poëzy komt op it aljemint: de heit hat it groanysk pessimisme fan de soan ‘al te goed’ begrepen. Nei de dea fan de heit fine se in skuondoaze mei poëzy fan de heit en der binne foto’s, mar noch skerper komt de heit nei foaren út in âld opstelskrift mei bygelyks in ferhaal oer it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch. Dizze bondel fan Dam is in prachtich monumintsje foar in heit en lit sjen dat de dichter syn gefoel sûnder al te grutte sentimentaliteit sa op papier sette kin, dat de lêzer derfan genietsje kin.