Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Nij

De Romeinen - De opstân fan de Friezen - strip

Kristof Berte

15,00

Details

De opstân fan de Friezen is in prachtich tekene, spannende, grappige én learsume strip. It boek is basearre op histoaryske feiten: de Fryske opstân fûn plak yn 28 nei Kristus. Oanlieding foar it konflikt wie dat de Romeinen fûnen dat de oksehûden dy’t de Friezen as belesting betelje moatsten net grut genôch wiene.

Achteryn it boek binne tsien (Nederlânstalige) siden opnommen, dêr’t mear yn útlein wurdt oer de skiednis fan de Romeinen yn Nederlân en it konflikt tusken de Friezen en de Romeinen.

De perfekte misdied bestiet net. Of dochs wol? Yn it lân fan ‘e Friezen hawwe Alexius en Bulbus – sûnder meiwitten fan harren freon Khoffi – in lukratyf hanneltsje opsetten: sy stelle yn beslach nommen bistehûden en ferkeapje dy werom oan de lokale befolking. De komst fan Olennius, de nije lânfâd, bringt harren ôfspraak mei de Friezen yn gefaar. Om oan de lilkens fan Olennius en de Friezen te ûntkommen, sille ús legionêrs noch ienris in perfekte misdied út ‘e mouwe skodzje moatte.

Skriuwer: Kristof Berte Nij: 1 Taal: Frysk Illustrator: Irene Berbee Isbn: 9789083487403 Tal siden: 56 Útjouwer: Uitgeverij L & Uitgeverij Syndikaat Utfiering: Stripboek Kategory , , , , , , , , .