De roekkat
G. Willem Abma
€17,50
Details
De roekkat wurdt sjoen as ien fan Abma syn bêste romans. It boek waard yn de jierren tachtich de ynset fan in diskusje oer de aktualiteit fan de psychologyske roman. Dizze bekentenisroman giet oer Heerd Hissema yn syn gymnasiumjierren en is it ferfolch op De oantaasting út 1983.
Heerd is in ienselvige jonge dy’t in knau krigen hat fan it slim otterdoks fermidden om him hinne. ‘Roekkat’ is de namme dy’t er jûn hat oan in kweade dreamferskining dy’t mei syn praat Heerd syn hannel en wannel beynfloedet.
Dit boek is de werútjefte fan de earste printinge út 1986.
G. Willem Abma (1942) is in produktyf skriuwer fan meast psychologyske romans. Hy begûn syn karriêre yn de Fryske literatuer as dichter ûnder de skûlnamme Daniël Daen. Yn syn wurksume libben wie er godstsjinstlearaar en dêrnei psychoterapeut.
Anne Wadman: ‘De Roekkat is in wurk fan grutte ynset, fan sterke foarmjouwing en fan in foarbyldige leafde foar it detail.’