It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De reuzen wurde wekker

Akky van der Veer

19,95

Details

De skiednis fan de Ierde en de minske is neffens Akky van der Veer hiel oars gien as ús altyd foarholden is en yn dit boek fertelt se oer har syktocht nei it antwurd op algemien minskike fragen oer bestean en ûntstean

Yn dit boek besiket Akky van der Veer (1943-2019) al ûndersykjende- en skriuwendewei antwurd te finen op algemien minsklike fragen lykas: Wêrta binne wy op Ierde? Wêrom is der safolle gaos en lijen yn dizze wrâld? Wat kinne wy der meielkoar ta bydrage om de needsaaklike balâns tusken ljocht en tsjuster, tusken goed en kwea, werom te krijen?

Net troch de kop yn it sân te stekken, is har stelling. Mar troch moedich te wêzen en de fiergeande manipulaasjes fan de PTB (Powers That Be), dêr’t wy yn finzen sitte, ûnder eagen te sjen en reewillich te wêzen dêr wat tsjin te dwaan. ‘Allinne as wy wekker wurde út in al tûzenen jierren duorjende sliep en einlings beseffe wa’t en wat wy fan oarsprong binne, kinne wy ússels wer befrije,’ skriuwt se yn it earste haadstik.

Akky van der Veer wol mei De reuzen wurde wekker har nije ynsichten graach mei de lêzer diele. De skiednis fan de Ierde en de minske is neffens har hiel oars as ús altyd foarholden is. Dochs wol se mei klam sizze dat wat foar har ‘wier’ wurden is, dat foar oaren net sa hoecht te wêzen: ‘Elk minske hat rjocht op syn/har eigen wierheid.’

Om har eigen syktocht te stypjen en foar de lêzer oannimlik te meitsjen, hat se achter yn dit boek safolle mooglik boarnen opneamd, yn de foarm fan ferwizings nei literatuer, websiden, fideo-ynterviews en Youtube-filmkes. Wa’t dat wol, kin dêrom sels ek op ûndersyk gean.

 

Author : Akky van der Veer ISBN : 9789089549754 Pages : 245 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , , .

Relatearre produkten