De Oerpolder
Hylke Speerstra
€29,50
Details
Hylke Speerstra socht om in ferlerne mienskip en fûn dy yn it Heidenskip fan de njoggentjinde ieu. Fan 2002 ôf hie er (fraach)petearen mei mear as twahûndert Heidenskipsters, âld-Heidenskipsters en oare belutsenen út de omlizzende doarpen en fiere omkriten. Hy djippe fergetten oantekeningen op, lies âlde deiboeken en notysjes, sneupte yn argiven fan ynstânsjes en famyljes, knope raffelige einen oan elkoar en folde de feiten oan mei fiksje.
De rasferteller Hylke Speerstra hat in mânsk boek skreaun dat men yn ien sike útlêst. It is it libbensferhaal van in plattelânsmienskip dy’t striidt tsjin de eleminten en it lot. It is ek de syktocht nei leafde en gelok en it besykjen om fan ûnlân fruchtbere grûn te meitsjen. Guon rêde it op en guon fersûpe deryn.