It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De keet fan Annawâld

Freddy Scheltema

17,50

Details

Opgroeie yn in plak as Annawâld is saai. Dea saai. Der is gjin snackbar, gjin kafee en gjin jeugdsoas. It ienige fertier foar adolesinten fynt plak op de lêste sneon fan ‘e moanne. Dan is der in diskoteek of spilet der in bandsje yn it doarpshûs. As Halbe op it idee komt om de ôfdankte karavan dêr’t syn âlden ris besocht ha de wykeinen en fakânsjes mei troch te bringen, as keet yn te rjochtsjen om har eigen wykeinen mei op te fleurjen fynt er dan ek in protte byfal by syn leeftydgenoaten. Se rjochtsje it mei-inoar yn en ha tenei in plak dêr’t se sitte kinne, wat muzyk draaie, bierke derby, swetse en laitsje. It wurdt it sintrum fan har frije libben.

Smout en smeuiïch fertelt Freddy Scheltema wat der sa foar en nei yn de keet bart. Mei humor, flotte dialogen, mar ek each foar tragyk. Yn syn debútroman De Reüny hat er al sjen litten dat er fertelle kin. Yn syn twadde, like tagonklike boek, bout er dat lalint fierder út.

Author : Freddy Scheltema ISBN : 9789089544612 Pages : 129 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : Softcover Kategory: , , , .

Relatearre produkten