De jonge aaisiker fan Luctor et Emergo
Gjalt de Groot
€15,00
In stock
Details
Luctor et Emergo. It is de namme fan it spultsje oan de Grêft, yn it wetterlân tusken Grou, Warten en Earnewâld. By it spultsje wie in binnenkrytsje fan 32 pûnsmiet en 24 pûnsmiet bûtlân. Dat bûtlân stie winterdeis ûnder wetter. Hjir wenne Gjalt de Groot as jonge. Yn dit boek fertelt er oer it hurde boerelibben yn it wetterlân, in wize fan buorkjen dy’t hûnderten jierren bestien hat en yn ‘e sechtiger jierren ferdwûn is.
Reade tried yn dit boek is it aaisykjen. Gjalt de Groot lit sjen dat aaisykjen neat te krijen hat mei ‘eieren rapen’ mar alles mei histoarysk besef en leafde foar de natuer.
Gjalt de Groot (1945) wurke as foarljochter en bargeboer. Hy wie ek bestjoerlik aktyf, ûnder oare as foarsitter fan de BFVW. Sûnt er net mear buorket is er poldermûnder en greidefûgelbeskermer, en hâldt er him dwaande mei skriuwen, fiskjen, ielrikjen en einekoerflechtsjen.