De Gouden Swipe - boek
Abe Brouwer
€19,50
Details
Douwe Ates Wallinga syn grutste dream is it winnen fan de Gouden Swipe by de hynstedraverij. Mei syn djoere leafhawwerij ferspilet er hast syn pleats. Dat wurdt foarkommen troch in liening fan in dubieuze freon, mar syn frou Lysbet ‘moat de rinte betelje’. As soan Ate letter de wierheid ûntdekt kriget er spul mei syn heit en krijt er ûnderdak op de pleats by syn omke Ids. As stamhâlder Ate fereale rekket op de dochter fan de arbeider is der noch in kear spul. De striid tusken heit en soan wurdt by eintsjebeslút op de drafbaan útfochten. De Gouden Swipe wie de earste roman fan Abe Brouwer. Foar it ferskinen yn 1941 waard it ferhaal al as fúljeton yn it wykblêd Sljucht en Rjucht publisearre. It is ien fan de meast lêzen Fryske boeken en waard ferfilme troch Steven de Jong. Dit boek is de werútjefte fan de tolfde printing út 1985.