It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De fûgels

Tarjei Vesaas

14,00

Details

Yn in komposysje dy’t oanslút by de wikseling fan de tiden fan it jier, fertelt Vesaas it ferhaal fan Mattis en Hege, broer en suster, libjend yn de Noarske bosken oan de igge fan in mar. Mattis liket swak bejeftige, mar de auteur lit dúdlik útkomme dat er dat yn gefoelsmjittich opsicht en yn syn begyp fan de natoer allesbehalven is. Mattis libbet net allinnich yn de natoer, mar benammen mei de natoer. Mei de beammen dy’t him ymponearje, mei it swierwaar dat him deadsbang makket en mei de fûgels dêr’t er kontakt mei hat. Om’t Mattis net geskikt is om te wurkjen (hy ferliest dan de kontrôle oer syn gedachten en syn hannen, en docht alles ferkeard), wurdt er úteinlik fearman op in mar dêr’t  nimmen oan wennet. Mar ién passazjier bringt er nei de oare kant: in houtkapper dy’t er grutsk meinimt om Hege sjen te liten dat er no in echte fearman is. As de houtkapper by harren yn komt te wenjen en fereale wurdt op Hege, fielt Mattis him mear en mear bûtensletten. Uteinlik beslút er de natoer beslisse te litten oer syn takomst.