It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De frou yn 'e flesse

Anne Wadman

17,50

Details

Yn De frou yn ’e flesse, Wadman syn fyftjinde roman, foarmet foar it earst in middelskoalle de eftergrûn fan it ferhaal. Sintraal steane Janneke Brouwer, in learares fan fiifentritich jier, in oankommend Frysk skriuwster, en Joop alias Jip Koster, in eineksamenkandidaat fan njoggentjin.
Jip hat oare takomstplannen as wat syn heit, in ferneamd musikus, mei him foar hat. Janneke en Jip skriuwe om en om in haadstik, Janneke yn it Frysk yn har oantekenboek, Jip yn it Nederlânsk yn brieven oan syn mem yn it bûtelân. Op ’e eftergrûn spylje behalve de heit ek oaren in rol, bygelyks Jip syn mem en Janneke har freondinne, de lesbiennne Justine. Allegear krije se yn it jier dat de roman beslacht in krisis yn har bestean te ferwurkjen. Ek it lot fan de Fryske taal komt yn dizze roman op it aljemint.

Wat de literêre foarm oangiet, siket de skriuwer yn dizze roman nei nije wegen.

Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste út 1988.

Author : Anne Wadman ISBN : 9789089542953 Pages : 188 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , , .