Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Oanbieding!
Oanbieding

De Ferjilder - Strip

Marten Toonder

Oorspronkelijke prijs was: €9,95.Huidige prijs is: €4,95.

Details

De Ferjilder is de oersetting fan it ferhaal Heer Bommel en de vergelder, dat yn 1984 yn NRC/Handelsblad ferskynde. It ferhaal is opnommen yn de rige Alle verhalen van Ollie B. Bommel en Tom Poes yn de útjefte Laat dat een les zijn út 2008.

De hear fan stân Olivier B. Bommel wurdt troch syn buorfrou juffer Oeke útdage om ris te wurkjen foar syn jild yn plak fan altyd mar te rintenierjen. Sadwaande komt hear Bommel yn oanrekking mei de ferjilder, in masine dy’t alles te jilde makket wat men deryn docht. Nei allerhanne omswervingen en aventoeren komt hear Bommel by it jûnsiten dêr’t er buorfrou foar útnûge hat ta dizze konklúzje: ‘Troch jo bin ik hurd oan it wurk gien, sa hurd dat ik ferhurde, sûnder dat ik it trochhie. (…) Men kin as hear folle better yn stilte goed dwaan.’

It duo Bremer en Hoekstra is ferneamd om syn oersettingen fan Bommelferhalen en krige yn 1996 de Obe Postmapriis foar twa dêrfan.

Skriuwer: Marten Toonder Isbn: 9789075013559 Tal siden: 82 Sale label: 1 Taal: Frysk Útjouwer: Le Chat Mort Utfiering: Stripboek Translator: Harke Bremer & Jarich Hoekstra Kategory , .

Relatearre produkten

Oanbieding
Oorspronkelijke prijs was: €10,00.Huidige prijs is: €3,95.