De Fal fan Camelot
Alfred Lord Tennyson
€26,50
Details
De Fal fan Camelot is in syklus fan tolf ferheljende gedichten. Tennyson beskriuwt hjiryn it ferhaal fan Kening Artur, syn ridders, de Rûne Tafel en de bruorskip fan dy Tafel, syn houlik mei Ginevra (Guinevere), har leafde foar Lanselot, en de úteinlike fal fan Artur syn keninkryk. De persoan fan Artur giet mooglik werom op in lieder fan de kristlike Kelten, dy’t om it jier 520 de ferovering fan de eardere Romeinske provinsje Britannia troch de heidenske Angelen en Saksen, en grif ek in tal Friezen, tydlik tsjinhold. Camelot, de stêd mei syn paleis, stiet foar in besykjen om in beskaving te stichtsjen, dy’t basearre is op oarder en gesach, trou oan de lieder, it neikommen fan eden en beloften, rjocht foar elk, beskerming fan de swakkeren, hoflikens en respekt foar de oar – koartsein: it stribjen om de minsk te ferheffen boppe it dierlike, it wetteleaze, it gaotyske, de macht fan de sterkste.
Artur syn ryk is basearre op hege idealen, mar sels yn Camelot loert de slange fan ûntrou, jaloerskens en ferrie, dy’t úteinlik Artur fataal wurdt. Mar nêst dy mislearring is der ek hoop: ienris komt Artur werom om opnij syn ryk te stichtsjen.
 Myn kreambesite
 Myn kreambesite Om - Roman
 Om - Roman Betterskip, Stip!
 Betterskip, Stip! Wapper
 Wapper De aap foar de bokkewein
 De aap foar de bokkewein Flessewipper Bierke?
 Flessewipper Bierke? A5 kaart: Ik sil sliepe leave Hear
 A5 kaart: Ik sil sliepe leave Hear Lytse Ezel - Jarich syn jierdei
 Lytse Ezel - Jarich syn jierdei Taske Fryske flagge (opteartas)
 Taske Fryske flagge (opteartas) Mijn 2e vrouw is ook uitgenaaid! - Frisismen
 Mijn 2e vrouw is ook uitgenaaid! - Frisismen Kaart: Oeral thús, mar thús it bêste. (Friese spreuktegel)
 Kaart: Oeral thús, mar thús it bêste. (Friese spreuktegel) Kaart: Sa ist en net oars, ... (Friese spreuktegel)
 Kaart: Sa ist en net oars, ... (Friese spreuktegel) De wûndertoeter fan Hindrik Bûter
 De wûndertoeter fan Hindrik Bûter
 
                     
                    