It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De Canterbury ferhalen

Geoffrey Chaucer

39,50

Details

Tritich minsken binne ûnderweis nei Canterbury. Se komme út alle lagen fan ‘e midsieuske maatskippij.
Foar de ien is it in spirituele reis, foar de oar is it in fakânsje.
De ien ferslyt manlju as pantoffels, de oar libbet inkeld foar de Hear.
De ien fertelt hoe’t er oplichte is, de oar bekent sels in oplichter te wêzen.
It iene ferhaal is in kluchtige grap, it oare in romantyske soap.
Mei-inoar sketse de ferhalen in boeiend byld fan ‘e Midsieuwen. En tagelyk litte se sjen hoe’t de lju sels yn it libben steane.
Dit boek is in klassiker út ‘e Europeeske literatuer: ûnderhâldend, bytiden humoristysk, bytiden djipsinnich. It is no foar it earst yn it Frysk te lêzen.

De Canterbury Tales waarden skreaun troch Geoffrey Chaucer yn it twadde part fan ‘e fjirtjinde ieu. Klaas Hoekstra sette se út it Middelingelsk oer yn linich Frysk.