De boumaster fan de Aldehou
Douwe A. Tamminga
€17,50
Details
Cornelis Frederiks wurdt assistint fan boumaster Jacob van Aaken, dy’t yn 1529 begongen is mei de bou fan de Aldehou yn Ljouwert. Troch de sunigens fan de opdrachtjouwers wurdt de fundearring net goed útfierd en begjint de toer skeef te sakjen. Nei Van Aaken syn dea wurdt Cornelis boumaster, mar as it jild op is moat de bou úteinlik stillein wurde. It boek fertelt net allinne it relaas fan de mislearre bou, mar ek fan de leafde tusken Cornelis en Van Aaken syn tsjinstfaam Christyn, yn de tiid fan de herfoarming, mei spanning en betizing, as fan hegerhân op nije sekten reagearre wurdt mei ferfolging. Tamminga syn histoaryske roman waard yn 1986 bekroand mei de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert.
Dizze fjirde printinge is de werútjefte fan de earste printing út 1985.